Feyenoord beboete foar ûnregelmjittichheden yn Abe Lenstra stadion

10 okt 2019 - 10:50

Fuotbalklup Feyenoord hat in boete krigen foar ûnregelmjittichheden yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Supporters fan de klup út Rotterdam stutsen op 11 augustus by de wedstriid tsjin Sportklup Hearrenfean fjoerwurk en fakkels ôf yn it útfak.

Foto: Orange Pictures

De ûnregelmjittichheden komme Feyenoord op in boete fan 15.000 euro te stean. It is dit jier net foar it earst dat de klup straft wurdt. Feyenoord krige al in tal boeten foar it ôfstekken fan fjoerwurk en ek moast in part fan de tribune fan stadion De Kuip twa kear as straf leech bliuwe.

It duel yn it stadion fan SC Hearrenfean einige yn in 1-1 lykspul.

(advertinsje)
(advertinsje)