Fans fan Metallica belibje jubileumkonsert yn Fryske bioskopen

10 okt 2019 - 10:19

Metallica live yn Drachten. Dat klinkt as in mearke, mar wie woansdei dochs in bytsje wier. Sa'n hûndert Metallica-fans sieten jûns yn De Bios om dêr in registraasje te sjen fan it livekonsert dat de Amerikaanske superband ôfrûne septimber yn San Francisco joech. Ek yn oare Fryske bioskopen, sa as yn Ljouwert en op It Hearrenfean, waard it konsert woansdeitejûn fertoand.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn 1999 naam Metallica in plaat op mei it San Francisco Symphony Orchestra en dat jubileum wie oanlieding om yn septimber wer in konsert te jaan mei it orkest. Net elke fan koe by dat konsert wêze en dêrom is de show no yn 96 lannen yn de bioskoop te sjen.

De konsertregistraasje is op snein 13 oktober nochris te sjen yn de Fryske bioskopen. Se wolle sa de echte fans de kâns jaan om werom te gean yn de tiid en de show te belibjen op in grut bioskoopskerm.

De Metallica-jûn yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Willem de Vries wie by de filmfertoaning fan it Metallica-konsert yn Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)