Minder huzen ferkocht yn Fryslân, noch hieltyd krapte op 'e wenningmerk

10 okt 2019 - 10:00

Der binne minder huzen ferkocht yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan it tredde fearnsjier fan 2019, fan de makelers dy't oansletten binne by de NVM. Yn fergeliking mei deselde perioade ferline jier is de delgong goed 11 persint. De ferkeapprizen binne in bytsje omheech gien mei 1 persint. Yn trochsneed kostet in wenning yn Fryslân no 233.000 euro, lanlik is dat 313.000 euro.

Foto: ANP

Neffens de NVM wurdt de krapte yn de wenningmerk ûnder mear feroarsake troch de lege hypoteekrinte. Der is op it stuit ek belangstelling foar djoere wenningen.

It docht bliken dat it tanimmen fan it tal wenningtransaksjes tusken april en juny fan 2019 foar ien kear wie. Doe wiene it 1.455 wenningen. Tusken july en septimber binne der mar 1.248 huzen ferkocht. Dat is in delgong fan sa'n 14 persint. Yn fergeliking mei it tredde fearnsjier fan 2018 is de ferkeap mei goed 11 persint ôfnommen.

Willem Donker fan NVM Makelaar Taxateur fan It Hearrenfean jout oan dat der noch hieltyd krapte op 'e merk is.

Prizen omheech

De prizen fan de huzen binne omheech gien. Tusken april en juny wie der noch in delgong fan de prizen, ek lanlik sjoen. Mar it fearnsjier dêrnei soarget dus wer foar it heger wurden fan de prizen, mei 1 persint. Yn fergeliking mei it tredde fearnsjier fan 2018 binne de prizen mei hast 6 persint omheech gien.

Boppe de fraachpriis

In wenning yn Fryslân hat tusken july en septimber yn trochsneed sa'n 233.000 euro koste. In rekôr is it persintaazje wenten dat boppe de fraachpriis ferkocht is: goed 21,5 persint yn Fryslân. Yn hiel Nederlân giet it sels om 40 persint.

Neffens NVM is fierder opfallend dat it persintaazje ferkochten huzen yn Ljouwert mar krekt wat mear as 2 persint leger leit, yn fergeliking mei it tredde fearnsjier fan 2018. It provinsjaal trochsneed leit op 11,2 persint.

It oanbod oan nijboukavels is tanommen neffens de NVM, mar der wurdt wol mei soargen sjoen nei de stikstofkrisis.

Trefwurden: 
huzen NVM ferkeap
(advertinsje)
(advertinsje)