Kollum: "Fragen"

10 okt 2019 - 08:28

"De boeren ha lêst fan stikstof. En fan it RIVM, fan Johan Remkes, fan D66 en fan twa miljeu-aktivisten dy't fia de Raad van State de oerheid hâlde oan makke ôfspraken. Juster kaam it nijs dat it CDA en de SGP, de mannenbroeders, de berekkening fan it RIVM oer de stikstof net fertrouwe. Se wolle iepenheid. It RIVM seit: it is iepen. En no bin ik gjin wittenskipper, mar op de site fan it RIVM stiet hiel wat te finen oer 'meten, berekenen en modelleren'. It RIVM seit yn in reaksje: 'Dat er nu een club is die het niet eens is met de uitkomsten, doet niets af aan het onderzoek.'

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Doe't ik myn skripsje skreau foar myn stúdzje, sette ik foaroan in kwoot fan Douglas Adams, út de Hitchhikers Guide to the Galaxy. Yn dat ferhaal hat in superkompjûter, dy't Deep Thought hjit, miljoenen jierren rekkene oan de 'Answer to the Ultimate Question of Life, the Universe, and Everything'. En we binne by it momint dat de kompjûter mei it antwurd komt.

42.

Wat wie de fraach dan, seit Deep Thought. Allinnich ast witst wat de fraach is, witst wat it antwurd betsjut. It stie net foar neat foaryn yn myn skripsje; ik seach it as in kearnnotysje foar alles wat wittenskip is. Foar alle antwurden is it nochal wichtich wat de fraach krekt wie.

Fun fact: de band Level 42 hat de 42 yn 'e namme út de Hitchhikers Guide.

De bizarre wrâld, of earder it bizarre universum, dat Douglas Adams yn 1978 sketste, stiet soms tichter by de werklikheid as we tinke. In wiere fûnst is de depressive robot Marvin, the paranoid Android. En nim it begjin fan it ferhaal: in bûtenierdske 'mogendheid', dy't einleas burokratysk is, hat besletten dat der in ynterstellêre sneldyk komme moat, en de ierde leit presys yn 'e wei. Dus dy moat opblaasd wurde. It is in ferhaal fol krityk op technology, foarútgong, burokrasy en handoeken.

Technology, sa sei Adams in kear, 'is a word that describes something that doesn't work yet'. Dat is grappich omdat it wier is. It is net foar neat dat it gesachhawwende blêd Nature begjin dit jier in hiel artikel wijd hat oan The Hitchhikers Guide to the Galaxy.

Douglas Adams beskriuwt hoe beheind ús sicht op it universum einliks is. Foar ús as ierdlingen is it lestich om echt te begripen hoe folslein ûnbetsjuttend ús lytse blauw-griene planeet miskien, of miskien net, is. Us teleskopen, sa skriuwt Nature, kinne allinnich astronomyske fenomenen bestudearje dy't bard binne op krekt it goeie momint en plak, om oppikt te wurden. It libben op dizze planeet is wat dat oan belanget tige beheind, en we sitte yn in 'bubble'. De haadpersoan út it ferhaal komt ta de terjochte konklúzje dat ús planeet in mikroskopysk puntsje is yn de enoarmiteit fan de romte.

It ferhaal is te omfetsjend om no even in fjouwer minuten te behanneljen, mar ik moast der dus oan tinke by, wat no de stikstofkrisis hjitten gien is. Ek dêrby liket it te gean om technology, burokrasy en de ferneatiging fan it libben op ierde. Oan hokker kant je ek steane yn dat ferhaal, wat it goede is om te dwaan is al lang út it each ferlern, we wize nei de oar, babbelje by inoar lâns as prate we in oare taal en alles ferdwynt stadich yn in tsjokke laach burokrasy.

No komt it del op twa mjitpunten fan it RIVM. De iene soe op in rioelput stean en de oare neist in megastâl. Je betinke it net. Dat fertekenet de útkomst, oftewol it antwurd. Ja, ik wit it ek net. Ik wit net hoefolle stikstof der delslacht. Ik wit net hoe slim oft dat is. Ik wit net oft de boeren hjir foar opdraaie moatte. En ik kin foar beide kanten fan de saak in rige nijsartikels, filmkes, podcasts en weblogs fine mei beide antwurden. Antwurden op kompleet ferskillende fragen."

(advertinsje)
(advertinsje)