Riedslid Nynke Koopmans út Tytsjerk yn nije lanlike Stichting Stikstofclaim

10 okt 2019 - 08:23

De nije Stichting Stikstofclaim wol fierder ûndersykje hoe grut oft it stikstofprobleem no werklik is foar de lânbou en de boeren. Ald-steatelid en gemeenteriedslid Nynke Koopmans út Tytsjerk is ien fan de fjouwer bestjoersleden fan dizze stichting.

Foto: Omrop Fryslân

Koopmans hat ôfrûne wike har lidmaatskip fan de VVD opsein as protest op it stikstofbeslút. Se koe har net mear fine yn de koers fan de VVD, om't de partij neffens har de boeren yn de útferkeap set. Hjirnei waard Koopmans troch in soad minsken benadere dy't dêr itselde oer tinke. Ald-fakgroepfoarsitter melkfeehâlderij by de LTO Jan Cees Vogelaar hat Koopmans frege om diel fan de stichting út te meitsjen.

It stichtingsbestjoer bestiet fierder út leden út oare dielen fan it lan: John Spithoven, Mieke Smits en Marcel Doeschot. Juristen en ûndersikers stypje de stichting, sa as Geesje Rotgers en Franca Damen (Kneppelhout Advocaten) en Jan Teun Fuller (Benthem en Gratama Advocaten).

Oerheid weromfluitsje

Neffens Stichting Stikstofclaim doocht it natuerbelied fan it regear net en wolle se sels mjittingen dwaan. Dit dogge se benammen om te besykjen "om dochs de oerheid werom te fluitsjen, om sjen te litten dat se it ferkeard dien ha", seit Koopmans. De stichting striidt net earne tsjin, mar wol foaral de boeren helpe foar harren bestean. Boeren kinne harren melde by Stichting Stikstofclaim.

Nynke Koopmans oer Stichting Stikstofclaim

(advertinsje)
(advertinsje)