SC Hearrenfean wint oefenwedstriid tsjin Ajax

10 okt 2019 - 07:50

SC Hearrenfean hat woansdei in oefenwedstriid tsjin Ajax mei 1-0 wûn. Jordy Bruijn wist nei in kertier spyljen mei in hurd skot de iennige goal fan de wedstriid te meitsjen. Ajax krige yn de twadde helte noch twa goeie kânsen op de lykmakker, mar koe net skoare.

Foto: Martin de Jong

De beide ploegen spilen yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean sûnder harren internationals. De wedstriid luts sa'n 1.500 taskôgers.

(advertinsje)
(advertinsje)