Provinsje siket boeren foar opknappen beamwâlen by Sintrale As

De provinsje siket boeren by de Sintrale As dy't harren beamwâlen fergees opkreazje litte wolle. Noch 400 fan de 600 kilometer oan beamwâlen moat opknapt wurde, mar it oantal oanmeldingen dêrfoar is mar hiel stadich op gong kaam. Boeren kinne har dit jier en takom jier ek noch oanmelde.
Provinsje siket boeren foar opknappen beamwâlen by Sintrale As
De Sintrale As tusken Dokkum en Nyegea waard yn oktober 2016 yn gebrûk naam, mar net al it wurk by de provinsjale dyk is dien. Om de grutte yngreep op it lânskip te kompensearjen, waard besletten it lânskip mei de houtwâlen, singels en pingo's yngreven op te knappen.
Boeren kinne harren foar it opknappen oanmelde. Dit is folslein frijwillich en it wurk wurdt fergoede, dochs rint it gjin stoarm. De provinsje ferwachtet de kommende moanne mear flecht op 'e koai, wannear't der in oantal ynformaasjejûnen hâlden wurdt.
Foar it ûnderhâld fan de opknapte beamwâlen en it beteljen dêrfan wurdt gearwurke mei de feriening Noardlike Fryske Wâlden.
Wurk oan in beamwâl by Burgum © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Remco de Vries wie yn in gebiet, dêr't houtwâlen opknapt wurde