Zembla: 'Black box' kontenerrampskip MSC Zoe stikken

10 okt 2019 - 06:37

De 'black box' fan it kontenerskip MCS Zoe soe defekt wêze. In Dútske haventsjinst hat konstatearre dat de 'Voyage Data Recorder' fan it skip, dat yn jannewaris hûnderten konteners ferlear op de Noardsee, net mear wurke. Dat docht bliken út neispoaring fan it televyzjeprogramma Zembla. Lykas de black box fan in fleantúch soe dizze Data Recorder objektyf ynformaasje opslaan moatte oer de reis. Dêrom is it in wichtige boarne foar ûndersyk nei de kontenerramp.

MSC Zoe yn de Bremerhaven - Foto: ANP

It defekt kin in grutte behindering wêze foar it ûndersyk. Sjoernalist Bart Nijpels fan it ûndersyksprogramma Zembla seit dat sy ek net krekt witte wat der mis mei is. "We weten alleen maar dat de Duitse havendienst van Bremerhaven een defect heeft geconstateerd, uit een inspectierapport dat wij in handen kregen."

Defekt is tige opfallend

De black box hinget normaalwei oan de brêge fan in skip, oan it plafond. It is opfallend dat der in defekt is oan de Voyage Data Recorder. "Mensen uit de scheepvaart, bijvoorbeeld oud-kapiteins, die zijn allemaal zeer verbaasd. Sterker nog, we hebben niet één iemand gesproken die tegen ons gezegd heeft: goh, dat hebben wij ook al eens meegemaakt, is het alweer gebeurd? In tegendeel, iedereen zegt: zo'n Voyage Data Recorder, daar is nóóit iets mee mis, het slijt niet en gaat niet kapot."

Grut gat tusken ferlies en melding

Op de Voyage Data Recorder soe ôf te lêzen wêze wannear't de kapitein fan de MSC Zoe murken hat dat de konteners oerboard giene en wannear't er dat melden hat. "Dat laatste weten we: hij heeft het pas bij Borkum gemeld, terwijl we inmiddels weten dat hij al veel eerder heel veel containers verloren heeft, waarschijnlijk ter hoogte van Terschelling. Uren later zei de kapitein met zoveel woorden dat hij het vermoeden had dat hij er een stuk of dertig kwijt was. Dat waren er veel meer."

Neffens Bart Nijpels is it ek opmerklik dat der sa'n skoft tusken it ferlies fan de konteners en de melding sit. "Het is verplicht om te melden, zodra je het merkt. Wanneer je dat niet doet als kapitein is dat een strafbaar feit, want als die containers ronddrijven vormen ze een gevaar voor de scheepvaart. MSC zegt uiteraard dat de kapitein zich meldde, zodra hij het merkte. Maar zo'n Data Recorder bevat objectieve gegevens, mocht het al eerder duidelijk zijn geweest op de brug dan zou dat op de Data Recorder af te lezen zijn."

"Zo'n kastje vertelt de waarheid"

Benammen de objektiviteit fan it apparaat is wichtich. "Je kunt mensen horen, maar mensen kunnen zich vergissen of een reden hebben om de waarheid niet te vertellen. Daar heeft zo'n kastje natuurlijk geen boodschap aan, die vertelt de waarheid", leit Nijpels út. Dêrom soe de Voyage Data Recorder fan grut belang wêze foar de ûndersiken dy't rinne: fan Justysje, fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid en de ûndersiken dy't mei de fersekeringstechnyske kant fan de kwestje te meitsjen hawwe.

Nijpels: "Je hebt uiteraard gesprekken met de bemanning, de kapitein en de Kustwacht, maar zo'n kast bevat objectieve data. Bijvoorbeeld over de koers, snelheid, diepgang en alle communicatie die gepleegd is naar en vanaf het schip, maar ook op de brug. Daarom is het een onwaarschijnlijk belangrijke bron wanneer je onderzoek doet."

Behindering fan it ûndersyk?

Zembla hat Justysje en de Onderzoeksraad voor de Veiligheid om in reaksje frege, mar beide partijen wolle neat sizze. De ûndersyksried jout inkeld oan dat de Voyage Data Recorder net harren iennige boarne fan ynformaasje is. It is dus noch net dúdlik yn hoefier't it defekt it ûndersyk behinderet.

Nijpels tinkt dat de útstjoering fan syn programma noch wol de nedige konsekwinsjes hawwe sil. "Er zijn veel belangenorganisaties en milieuorganisaties, zoals de Waddenvereniging en het Zeehondencentrum, die enorm betrokken zijn bij de ramp. Zij zullen ongetwijfeld vragen gaan stellen in de richting van instanties. Want het is belangrijk om te weten of het onderzoek gefrustreerd wordt", jout hy oan.

Sjoernalist Bart Nijpels fan it ûndersyksprogramma Zembla

Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)