IepenUP Live: "De frou is skuldich oan de klimaatproblematyk"

Fryslân kin en moat de earste gif-frije regio wurde fan Europa. De ambysjes fan direkteur Cees Buisman fan wetter-ynstitút Wetsus yn Ljouwert lige der net om. Mar dan sille wy sa gau as mooglik ophâlde moatte om ús wrâld en benammen it wetter te fergiftigjen. En dêryn kin de frou in grutte rol spylje, want froulju hawwe in grut oandiel yn de klimaatproblematyk, sa fertelde Buisman in grôtfolle seal mei it Klimaatdebat fan IepenUP Live yn kafee Neushoorn yn Ljouwert.
Buisman brocht syn boadskip mei in knypeach mar sei ek dat der wol in kearn fan wierheid yn syn ferhaal sit. Hy sjocht nammentlik dat hieltyd mear minsken fan it plattelân nei de grutte stêden lûke. "En daardoor wordt het milieu weer meer vergiftigd," sa fertelde Buisman oan it publyk.
"Weliswaar komt door de productie van de boeren zo'n 10 miljoen kilo pesticiden in ons water terecht, maar we vergeten wel eens dat door ons medicijngebruik het drinkwater met 70 miljoen kilo aan kwalijke stoffen wordt verontreinigd. Hoe dichter de steden bevolkt zijn hoe kwalijker dus. En het zijn met name de vrouwen die naar de grote steden trekken. Alleen in Utrecht al hebben we met de verhouding 140/100 een vrouwenoverschot," mient Buisman.

Der moat wat barre

IepenUP Live stie woansdeitejûn folslein yn it teken fan klimaat. Ferskate saakkundigen lykas de Amerikaanske filmmakker en ekolooch John D. Liu, mar ek Fryske spesjalisten as dykgraaf Paul van Erkelens, de baas fan Wetterskip Fryslân, lieten harren ljocht oer dizze saak skine.
Der moat yn alle gefallen wat barre, safolle waard wol dúdlik en de skuldigen moatte de rekken betelje. Mar wa binne dat no krekt? Dêr kamen de oanwêzigen, saakkundigen en it publyk woansdei net út. De boeren, in pear wiene mei de trekker nei Ljouwert kaam, lieten dúdlik witte dat sy net de blaam krije wolle yn it stikstofdebat.
Mear as 2000 boeren protestearren yn Den Haag tsjin de oankundige maatregels en 16 oktober wolle de boeren op 'e nij nei Den Haag. En dêr koe it drokke debat neat oan feroarje.

Nije wike

Nije wike hat IepenUP live oandacht foar de Fikingen. Dan iepenet de útstalling 'Wij Vikingen' yn it Fries Museum. De Fikingen wiene de piraten fan de Noardsee. Al moardzjend, plonderjend en rôvjend makken sy de Europeeske kusten ûnfeilich.
Ek Frisia, it Nederlânske kustgebiet, waard teistere troch Fikingen. Fan it jier 810 ôf, hawwe de Fikingen in pear iuwen húsholden yn Frisia. Mar it wie mear as allinnich oanfallen. Guon Friezen hawwe harren sels oansletten by de Fikingen en makken harren de libbenswize eigen.
IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.