Yllegale bewenning en âlde himpkwekerij fûn by garaazjekontrôle Ljouwert

09 okt 2019 - 21:54

By de kontrôle-aksje oan de Aldebaranweg yn Ljouwert hawwe de plysje en de gemeente fan Ljouwert trije kear in gefal fan yllegale bewenning oantroffen en ien âlde himpkwekerij. De bewenners binne ynformearre oer de ferfolchstappen en de plysje hat him dwaande holden mei de himpkwekerij dy't al net mear yn wurking wie.

Foto: Kappers Media

De kontrôle wie in saneamde bou- en bestimmingsplankontrôle. Der binne yn totaal 90 garaazjeboken trochsocht, dat wie om't omwenners en oanlizzende bedriuwen klachten hiene by in saneamde wykskou. Op jûntiid soe der in soad aktiviteit wêze, dêrom wie al tocht dat der yllegaal wenne waard.

Tafersjochhâlders fan de gemeente hawwe net it rjocht om samar wenningen yn te gean, mar sy meie wol garaazjeboksen yn. It wie de earste kontrôle yn Ljouwert fan dit formaat. Plysje wie oanwêzich om foar de feiligens te soargjen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert himpkwekerij
(advertinsje)
(advertinsje)