Noppert ûnderút yn twadde ronde World Grand Prix

09 okt 2019 - 21:21

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der woansdeitejûn net yn slagge de kwartfinales fan de World Grand Prix yn Dublin te berikken. De 28-jierrige Fries ferlear op it telefyzjetoernoai, nettsjinsteande in 2-1 foarsprong, úteinlik mei 3-2 fan Nathan Aspinall út Ingelân.

Danny Noppert - Foto: Orange Pictures

De earste set gie tsjin de ferhâldingen yn nei de Fries. By in stân fan 2-2 krige Noppert ien pylk op tops, mar dy gie mis. Nei't Aspinall ek trije darts net yn de dûbel krige, profitearre de Jouster fia dûbel fiif.

Aspinall koe dêrnei yn de folgjende set de skoare ienfâldich yn it lykwicht bringe. Yn de tredde set wie Noppert wer by de les. Benammen troch it goeie begjin fan de legs pakte de Jouster de tredde set en de 2-1 foarsprong.

Noppert rêdt it net op

Fan de fjirde set ôf wie Aspinall oppermachtich. Benammen de skoares fan de Ingelskman wiene foar Noppert net mear te folgjen. Ek yn de beslissende set koe de Jouster it net oprêde. Mei in finish fan 89 pakte syn tsjinstanner de oerwinning.

Wol foar it earst Top 32

Hoewol't Danny Noppert no út it toernoai leit, docht hy mei syn plak yn de twadde ronde wol goeie saken foar de wrâldranglist. Nei alle gedachten stiet de Jouster no foar it earst yn syn karriêre yn de top 32 fan de PDC.

(advertinsje)
(advertinsje)