Eksperimint 'Dreamhûs': waarmte helje út ôffalwetter

Waarmte helje út ôffalwetter: ferskate Fryske bedriuwen dogge mei oan in eksperimint om dat foarinoar te krijen. Op de campus fan TU Delft set dit eksperimint útein as ûnderdiel fan it projekt 'Dreamhûs.'
Auke de Vries en Sander Wapperom © Dreamhûs
De bedriuwen WoonFriesland, Bouwgroep Dijkstra Draisma, Yes!Delft, The Green Village en de Bewonersraad Friesland dogge mei oan DreamHûs. It projekt hat as doel om betelbere, gebrûksfreonlike oplossingen te betinken foar de ferduorsuming fan besteande wenningen. Dat is op it stuit de grutste opjefte op de Nederlânske wenningmerk.
Der wurde trije neiboude wenningen út de jierren santich delsetten yn The Green Village, de proeftún fan de campus fan de TU Delft. Yn dizze wenten wurde produkten testen dy't de wenningen ferduorsumje.

HeatCycle

Auke de Vries en Sander Wapperom fan DeWarmte binne de earste ûndernimmers dy't yn it eksperimint DreamHûs sa'n oplossing om te ferduorsumjen teste sille: de HeatCycle. Mei dit apparaat kin de waarmte fan it wetter dat brûkt is by bygelyks it dûsen op 'e nij brûkt wurde. It testen fan de HeatCycle yn Dreamhûs duorret sawat in jier.

Entûsjast

Sigrid Hoekstra, direkteur-bestjoerder fan WoonFriesland en Biense Dijkstra, direkteur fan Bouwgroep Dijkstra Draisma, binne tige entûsjast oer it eksperimint fan it produkt fan DeWarmte. It slút neffens harren goed oan by it kreëarjen fan wenningen dy't foar minsken simpel, duorsum en betelber binne. Se ferwachtsje dan ek dat oare ynnovaasjes folgje sille.
It plan is om de bêste oplossingen fan DreamHûs earst yn de sosjale hierwenningen fan WoonFriesland en pas letter yn de rest fan Nederlân ta te passen.