Bûtenskoalske opfang Snits kin tenei terjochte op sportpark Schuttersveld

De earste bûtenskoalske opfang (BSO) dy't in sportprogramma yn Súdwest-Fryslân hat, kin fan takom wike ôf terjochte op sportpark Schuttersveld yn Snits. De saneamde sport-BSO is foar bern tusken de 4 en de 13 jier. It inisjatyf komt fan Stichting Eigen&Wijzer, dy't yn de gemeente trije opfangen hat yn Snits, Reahûs en Warkum.
Schuttersveld yn Snits © Wikimedia Commons
Op it sportpark Schuttersveld kinne de bern terjochte foar binnen- en bûtensporten: bygelyks fuotbal, keatsen kuorbal, atletyk en survival. Begelieding sil der komme fan sportynstrukteurs mei in diploma.
Wethâlder Gea Wielinga jout oan dat der ek oandacht wêze sil foar kultuer: "Zoals museumbezoek bij slecht weer, of activiteiten op het gebied van de natuur, zoals scouting." Dat wurdt dien om foar te kommen dat inkeld hiel sportive bern nei de opfang komme.