Nij bestjoer foar COC Fryslân wol oandacht foar Rôze Sneon

COC Fryslân hat sûnt moandei in folslein nij bestjoer krigen, ta foarsitter is Sabine Frieszo keazen. Der is in soad te dwaan foar de Fryske belange-organisaasje foar homoseksuelen, lesbiennes, transgenders en alle oare groepen dy't ûnder de lhbti+ mienskip falle. Yn 2020 is de Rôze Sneon nammentlik yn Ljouwert, wat COC Fryslân ekstra yn de oandacht bringe wol.
© Omrop Fryslân
Sekretaris fan it nije bestjoer wurdt Majo Tigchelaar en Jolanda Duits is ponghâlder. De organisaasje jout oan benammen in soad enerzjy te stekken yn de organisaasje fan it Rôze Jier.