FIDEO: IepenUP Live mei it grutte wetter- en klimaatdebat

09 okt 2019 - 19:45

Goed twatûzen boeren setten ferline wike tiisdei it lân op de kop om't se har troch de polityk oan de kant set fiele. Der is wat oan de hân: it klimaat feroaret, de seespegel giet omheech en we krije mear delslach, mar ek langere perioaden fan drûchte. De kwaliteit fan ús drinkwetter stiet ûnder druk en it is noch mar de fraach oft we genôch drinkwetter hâlde.

De mieningen oer wetter en klimaat ferskille nochal. By it grutte wetter- en klimaatdebat yn IepenUp Live komme partijen mei ferskillende ynfalshoeken oan it wurd.

Der binne powerkolleezjes fan Cees Buisman fan Wetsus en ynternasjonaal filmmakker John Dennis Liu.

It panel bestiet út Matthea de Jong (inisjatyfnimster klimaatbrief), Jaring Brunia (biodiversiteitsboer), Paul van Erkelens (dykgraaf), Wieger van der Meulen (boer), Harrie Graansma (Steatelid PVV), Pietrik Hoornstra (wetterambassadeur Fryslân) en Nynke Dijkstra (boerinne).

Ek prate we mei minsken fan Extinction Rebellion, Janke Jeltsje van Dijk, Gretha Oost, Agrarische Jongeren Fryslân en Us Bilang út Hoarnstersweach.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)