Stalker komt net opdaagjen by rjochtsaak

In fertochte fan stalking kaam net opdaagjen doe't syn saak woansdei foar de rjochter kaam. De Ljouwerter rjochtbank wol no dat de 31-jierrige man út Drachten ferplicht wurdt om op de sitting te ferskinen. Op de dei dat syn saak behandele wurdt, sil er troch de plysje fan hûs helle wurde.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De saak soe behannele wurde, mar neffens syn advokate fynt de fertochte it te dreech om oanwêzich te wêzen. Krekt fanwege it delikt dêr't de man fan fertocht wurdt, wol de rjochtbank sels mei de man prate.
Boppedat wie rjochtbankfoarsitter Marc Brinksma net bliid mei de lette ôfsizzing fan de reklassearring. In dei foar de sitting liet de reklassearring witte dat se net in rapport opmeitsje koene oer de man. Op de folgjende sitting moat dat rapport der wol wêze.
De man wurdt derfan fertocht dat er de kaaien fan syn buorfrou neimeitsje litten hat en dat er yn har sliepkeamer in digitale kamera pleatst hat dêr't er har mei filme hat. Fierder soe er bh's stellen hawwe dy't er wer weromlein hat nei't er der foto's fan makke hie.
It is net bekend wannear't de saak no opnij foarkomt.