FrieslandCampina en Royal A-ware wurkje gear om mozzarella te meitsjen

09 okt 2019 - 17:16

FrieslandCampina en Royal A-ware hawwe in oerienkomst sletten oer de produksje en levering fan mozzarellatsiis. Dêrtroch kin FrieslandCampina fan begjin 2020 ôf mozzarella leverje oan klanten.

Foto: Omrop Fryslân

Royal A-ware sil de molke ferwurkje en de mozzarella produsearje. FrieslandCampina sil de molke, kennis en resepten leverje. De nije produksjelokaasje sil op It Hearrenfean wêze.

Neffens FrieslandCampina is mozzarella in groeisegmint yn de merk en kin hjirmei de posysje op de ynternasjonale merk fersterkje.

(advertinsje)
(advertinsje)