EK Dressuer mei Fryske hynders: grutte ambysjes yn Haskerhoarne

09 okt 2019 - 17:00

Yn Haskerhoarne is foar de tredde kear it Europeesk kampioenskip dressuer mei Fryske hynders. Dielnimmers út binnen- en bûtenlân stride yn stoeterij Bommelsteyn yn Haskerhoarne om de heechste eare. De organisaasje leit yn hannen fan Stichting Kennis en Promotieplatform Fries Dressuurpaard (K&PP).

It EK dressuer foar Fryske hynders yn stoeterij Bommelsteyn yn Haskerhoarne - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferline jier is it EK útwreide nei in evenemint fan trije dagen, dit jier duorret it fanwege it minne waar fan woansdei oant en mei snein. De ambysjes binne grut. "It moat sa Europeesk as mooglik," seit foarsitter Sjoerd Veenstra.

"De kwaliteit dy't der is, wolle wy bondelje," leit Veenstra fan de K&PP út. "Wy wolle de latte sa heech as mooglik lizze. It is in Europeesk kampioenskip, dat wie der net earder. In kampioenskip bestie allinne op Nederlânsk nivo. Wy hawwe no ek minsken út Dútslân, Frankryk, Noarwegen, Denemarken, Sweden en Italië. Ferline jier wie der sels in man út Ruslân dy't graach meidwaan woe, mar dat koste krekt wat tefolle. Mar it is wol ús stribjen."

'Organisaasje moat stean as in hûs'

Dat it in ynternasjonaal evenemint is, moat dus dúdlik nei foaren komme. "Ek wat de sjuery oanbelanget: net allinne Nederlanners, mar wy hawwe ek Belgyske en Dútske sjueryleden. Wolle jo dielnimmers lûke, dan moatte de organisaasje en de prizen stean as in hûs. En ik tink dat wy dat goed foar inoar hawwe."

In moai doel soe neffens foarsitter Veenstra de Olympyske Spelen wêze. "Hooplik sil dat ea komme."

De grutte stoeterij yn Haskerhoarne is om 2015 hinne boud. It is neffens Sjoerd Veenstra in prachtlokaasje foar it EK. Inkeld it waar spilet noch wat parten. "It waar sit net mei, troch dy omstannichheid is it EK in bytsje oprekt," seit Veenstra. Sa is it makliker om te parkearen en yn- en út te rinnen mei de hynders.

Snein publyksdei

Veenstra: "Ynstee fan freed, sette wy al op woansdei útein. Wy hawwe earst de 4, 5, 6 en 7-jierrige hynders, ek om te stimulearjen om fan ûnderen ôf oanwaaks te krijen. En sneon en snein is de crème de la crème, dan is de echte top der. Sneintemiddei is de kuer op muzyk mei de finaleproef, dat is foar it publyk it moaiste om te sjen."

Ferslachjouwer Willem de Vries by it EK dressuer mei Fryske hynders

Ien fan de dielnimmers is Kenna Bakker. Sy is al oardel jier oan it trainen mei har hynder en docht dat op it stuit sa'n fiif kear yn de wike. It hynder wie earst wat strak, mar sy kaam goed werom. Bakker is tige tefreden oer de prestaasjes.

Kenna Bakker is ien fan de dielnimmers

Esther Liano is by de organisaasje, mar docht sels ek mei oan it EK. Sy is in echte leafhawwer: "Ik bin sels sjuerylid, dus ik sjoch alle flaters," seit sy. De Fryske hynders binne foar har tige wichtich.

Esther Liano fan de K&PP

(advertinsje)
(advertinsje)