Grutte aksje om Fryske wetters skjin te meitsjen

09 okt 2019 - 16:27

Yn Drachten, Harns, It Hearrenfean, Kollum, De Lemmer, Sint-Anne en De Westereen wurdt sneon in grutte aksje hâlden om ôffal út it wetter te heljen. Dêrby wurde goed fjouwerhûndert dûkers, kanofarders, fiskers, suppers en seeferkenners ynset.

Foto: Omrop Fryslân

Op alle plakken wurdt in grutte kontener pleatst om it ôffal yn te sammeljen.

De dei wurdt organisearre troch de Fryske Miljeu Federaasje. Ek it wetterskip en de gemeenten dogge mei. De provinsjale iepening is fan 't jier yn Harns. Bestjoerders fan de gemeente en it wetterskip sille dêr it startsein jaan.

Trefwurden: 
wetter skjinmakaksje
(advertinsje)
(advertinsje)