Auto bedarret yn in sleat neist de Schrappinga yn Easterwâlde

09 okt 2019 - 16:02

Yn Easterwâlde is woansdeitemiddei in auto op de kop terjochte kaam yn in feart neist de Schrappinga. De frou dy't efter it stjoer siet, hat nei alle gedachten de macht oer it stjoer ferlern nei in oanriding. Ambulânsepersoniel moast de frou út de auto wei helje.

Foto: Srfotografie

De frou dy't de auto bestjoerde rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht. De plysje hat ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)