Gemeenten wurde ferantwurdlik foar ynboargering fan nijkommers

09 okt 2019 - 16:02

It giet net goed mei de ynboargering fan minsken dy't hjir nij yn Nederlân komme te wenjen. Mar in kwart fan har hat nei ferrin fan tiid ek echt in baan. Om dêr wat oan te dwaan, giet de ynboargering hielendal oer de kop. Gemeenten wurde der oer twa jier ferantwurdlik foar.

De gemeenten moatte derfoar soargje dat nijkommers sa gau mooglik de taal leare en oan it wurk geane. Yn Drachten is dêr dizze woansdei in konferinsje oer. Dy konferinsje wurdt organisearre troch Vluchtelingenwerk Noord-Nederland en ynboargeringsbedriuw Stavoor.

Ynboargerjen yn in lokaal yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Ik sprak de taal niet"

De 31-jierrige Amina Shekhmus flechte 2,5 jier lyn mei har húshâlding út Syrië dat troch in boargeroarloch ferskuord is. Se moast bot wenne oan Nederlân. "Ik vond het moeilijk om met mensen contact te maken. Ik sprak de taal niet. Ook in het ziekenhuis wist ik niet wat ik moest zeggen. Toen ik met mijn oudste zoon die een bril draagt, naar de huisarts ging, kon ik niet uitleggen wat het probleem was."

Yntusken sprekt se aardich Nederlânsk en wit se har goed te rêden. Se sjocht mei har man en trije bern fan wa't de jongste yn Nederlân berne is, in takomst yn ús lân. Se wol graach oan de slach. "In Syrië heb ik op de universiteit gezeten. Daarna heb ik lesgegeven op een basisschool. Dat wil ik hier graag weer oppakken. Ik wil graag iets doen voor het land waar ik woon."

Ynboargerjen yn in lokaal yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Goede saak

Dat de gemeenten yn 2021 ferantwurdlik wurde foar de ynboargering, fynt Vluchtelingenwerk in goede saak. "Dat betsjut dat flechtlingen gauwer begjinne kinne mei lessen yn ús taal en gebrûken, ek al sitte se noch yn in azc. Boppedat leare se tagelyk ek yn de praktyk, bygelyks in staazje. Dat soarget foar in bettere ferbining mei ús maatskippij", seit Elizabeth Tjerkstra fan Vluchtelingenwerk yn Drachten. Ek binne de kânsen folle grutter op de arbeidsmerk, fertelt se.

Trefwurden: 
flechtlingen ynboargering
(advertinsje)
(advertinsje)