Utsjochtoer Oranjewâld wiken ticht foar opknapbeurt

09 okt 2019 - 15:43

Yn Tjaarda's Bosk yn Oranjewâld is úteinset mei it opknappen fan De Belvédère. Under oare de betonkonstruksje moat renovearre wurde. De 30 meter hege útsjochtoer is hast 100 jier lyn boud op 'de berch fan Brongergea' en is oanwiisd as ryksmonumint. Fan de toer ôf is der in moai útsjoch oer de bosk.

Utsichttoer Belvedère yn Oranjewâld, boud yn 1924 - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It inisjatyf foar de opknapbeurt is nommen troch stichting Belvédèretoren Oranjewoud. De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed hat der subsydzje foar jûn.

As de opknapbeurt klear is, sil Staatsbosbeheer oanslutend de leane opkalfaterje dy't nei de Belvédère ta rint. In pear beammen binne deagien en oaren binne fernield. As lêste wurdt ek de heuvel dêr't de toer op stiet renovearre. De berch hat in soad te lijen fan eroazje.

Mei de opknapbeurt is de toer tydlik ôfsletten foar publyk. Twa jier lyn wie de toer ek al ris in skoft ticht, om't der stikken beton los sieten.

(advertinsje)
(advertinsje)