Sizzen is neat, dwaan is in ding: Friezen socht foar útdrukking-ûndersyk

09 okt 2019 - 15:13

Ryksuniversiteit Grins siket noch 950 Friezen dy't as respondinten meidwaan wolle yn in ûndersyk nei útdrukkingen. It giet om it publyksûndersyk 'Maak dat de kat wijs,' dat it gebrûk fan útdrukkingen yn Nederlân yn kaart bringe wol. Dêrby giet it ek om ferskillen tusken regio's en leeftiden.

In Fryske tegelspreuk - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It ûndersyk wurdt dien troch Simone Sprenger en Jacolien van Rij, ferbûn oan de universiteit. De ôftraap is dien mei it achtste 'Weekend van de Wetenschap.' Neffens de inisjatyfnimmers hat der noch nea in ûndersyk nei údrukkingen op sa'n grutte skaal west.

It giet net allinne om âlde útdrukkingen, mar it ûndersyk wol ek sjen nei de ynfloed fan sosjale media en ûnderwiis.

Elkenien fan 8 jier ôf kin meidwaan, oanmelde kin op de webside fan 'Maak dat de kat wijs.'

(advertinsje)
(advertinsje)