Tûzenste poppe berne yn Tjongerschans; mear âlden kieze foar It Fean

In moanne earder as ferline jier is yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean de 1000ste poppe berne. Dat it earder is, komt trochdat der no ek pasjinten út Meppel, de Noardeastpolder en Urk nei It Hearrenfean ta gean.
Kreamfersoarchster Jellie, Melissa en Tjitze mei Melle en ferpleechkundige Marissa © Omrop Fryslân
Melle Steijn Heida waard tiisdeitejûn berne en wie dêrmei de 1000ste poppe dy't dit jier yn sikehûs Tjongerschans berne waard. Hieltyd mear âlden út Meppel en omkriten, de Noardeastpolder en Urk kieze foar it sikehûs op It Hearrenfean.
Ek yn it Antoniussikehûs yn Snits waard de 1000ste poppe folle earder as oare jierren berne. De groei hat foaral te krijen mei de oername fan soarch út de IJsselmeer-sikehûzen. Dy sikehuzen yn de polder giene ferline jier fallyt.