Iepenbier Ministearje wol frijspraak foar Ljouwerter (38) yn drugssaak

09 okt 2019 - 14:47

In 38-jierrige Ljouwerter, dy't terjochte stiet yn in Drachtster drugssaak, moat frijsprutsen wurde. Dat fynt no alteast it Iepenbier Ministearje, dat woansdei by de rjochtbank om frijspraak frege hat.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn deselde saak waarden trije oare fertochten yn july al frijsprutsen. It giet om de fynst fan 500 kilo hasj, mei in strjitwearde fan fiif miljoen euro, yn in loads oan de Giek yn Drachten. Dy hasj wie ferstoppe yn in frachtweintrailer mei Russysk kenteken. De plysje kaam dêr yn july 2017 efter.

Ferhaal nea kontrolearre

De trije manlju, dy't yntusken frijsprutsen binne, seine dat se de ferljochting fan de trailer reparearje moasten. Neffens de Ljouwerter moast hy twa jier lyn op de trailer passe. Om't de plysje it ferhaal fan de manlju nea kontrolearre hat, moasten se wol frijsprutsen wurde.

It Iepenbier Ministearje hie yn earste ynstânsje fjirtjin moannen sel en in boete fan 6.000 euro easke. It ministearje is no fan miening dan de 38-jierrige Ljouwerter om deselde reden as de trije oare manlju frijsprutsen wurde moat.

Utspraak

De rjochtbank docht op 23 oktober útspraak.

Trefwurden: 
Drachten rjochtbank drugs
(advertinsje)
(advertinsje)