RIVM ûniens mei krityk op stikstofsifers: "Onze cijfers zijn robuust"

09 okt 2019 - 14:44

De krityk fan boeren en polityk op de stikstofsifers fan it RIVM is ûnterjochte. Dat fynt ûndersiker Addo van Pul fan it RIVM. Neffens foarsitter Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairymen Board docht it RIVM stikem oer de metoade efter de stikstofsifers.

Foto: Omrop Fryslân

Addo van Pul fan it RIVM begrypt dat net. Neffens him is sa goed as alle ynformaasje oer de stikstofsifers op de webside werom te finen. Ek de krityk fan Van Keimpema dat stikstof op de ferkearde plakken yn Nederlân metten wurdt, wiist hy fan de hân. "Die kritiek begrijp ik niet. Er is een uitgebreid meetnet in Nederland."

Van Keimpema fynt dat de stikstofsifers fan it RIVM te ûnbetrouber binne om de fiergeande maatregels te nimmen dy't it kabinet no trochfiere wol. Van Pul: "Onze cijfers zijn robuust. Alleen bij maatregelen op lokale schaal zou je moeten bekijken of aanvullende metingen en berekeningen nodig zijn."

Lilk dat de sifers en de metoade fan it RIVM troch boeren en polityk yn twivel lutsen wurde is Van Pul net; hy neamt it wol ûnreedlik: "Wij zijn altijd bereid om de discussie te voeren over onze wetenschappelijke werkwijze."

Ek it Mesdag Zuivelfonds fan foarsitter Jan Cees Vogelaar rjochte ôfrûne dagen syn pylken op it RIVM. Vogelaar sei dat it RIVM gjin ynsjoch jaan woe yn de stikstofberekkenings. Van Pul: "Dat is bezijden de waarheid. Het is een beetje opgeblazen. Wij zijn altijd open geweest. Het Mesdag Zuivelfonds heeft heel veel informatie gehad. Wij hebben nooit de deur dichtgegooid."

Addo van Pul fan RIVM

Trefwurden: 
stikstof RIVM boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)