Ynklusyf personielsbelied hat noch hieltyd net de prioriteit, seit it SCP

Foar wurkjouwers hat it net folle prioriteit om ynklusyf te wurden en bygelyks minsken mei in arbeidsbeheining, of âldere wurknimmers yn tsjinst te nimmen. Dat docht bliken út in nij rapport fan it Sociaal en Cultureel Planbureau.
Wurkje op de bou © Shutterstock.com
Ek it oannimmen fan minsken mei in net-westerske migraasje-eftergrûn en it ferheegjen fan it oantal froulju op hege funksjes is gjin prioriteit foar wurkjouwers, stiet yn it rapport. Wylst yn tiden fan ekonomyske groei krekt faak wer omtinken jûn wurdt oan it personielsbelied.

"Byld yn Fryslân oars"

Neffens Ruud Slijpen fan it UWV is dat byld yn Fryslân oars. "It binne lanlike sifers", seit Slijpen. "Ik tink dat de Fryske situaasje better is as de lanlike."
As foarbyld neamt Slijpen it wurk dat oan de Ofslútdyk útfierd wurdt. "Der is de ôfspraak dat der yn elts gefal hûndert minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk oan de slach komme. Ek in soad supermerken nimme minsken mei in beheining oan, mar ek oerheidsbedriuwen."

Net altyd fêste baan

It giet dan net altyd om in fêste baan. Fan de minsken dy't it UWV op it each hat, de groep mei in ôfstân ta de arbeidsmerk, is 53 persint nei in proefpleatsing fêst oan it wurk, In grutte groep slagget der net yn om fêst wurk te finen.
Ruud Slijpen fan it UWV