Fryslândei yn Brussel: meartalichheid op de aginda fan Europa

09 okt 2019 - 13:25

Yn Brussel is dizze woansdei de Fryslândei, op inisjatyf fan de provinsje. It tema fan de dei is meartaligens. Njonken poëzy fan Arjan Hut en Tsead Bruinja binne der ek sprekkers oer meartaligens.

It is al foar it tredde jier dat Fryslân him presintearret yn Brussel. It is dizze wike de 'Europeeske wike fan de regio's en stêden' en dêrom presintearje har mear regio's, der wie bygelyks in Seelândiner. Hoewol't it tema fan de wike fergriening is, sette Fryslân eigenwiis it tema meartaligens op de aginda. It programma bestie út muzyk, poëzy en presintaasjes oer it ûnderwerp.

Goed foar it netwurk

Der wie in soad belangstelling, mear as eardere jierren. "It wie in geweldich moaie opkomst, net inkeld wienen der in soad minsken út Fryslân, mar ek út oare regio's as Wales en Andorra", seit kommissaris Arno Brok. "It is goed foar ús netwurk. Troch meartaligens op de aginda te setten litte we sjen dat Europa net inkeld in gearwurking is fan lidsteaten, mar dat der ek 60 regio's binne mei taalpluriformiteit en dy moatte ek in plakje hawwe. Foar dy rykdom moat ek omtinken wêze."

Brok is te sprekken oer de wike. "It is goed om te ynvestearjen yn it netwurk yn Brussel, we binne dêr ek in ûnderdiel fan. It is goed foar Fryslân en de posysje yn Europeeske kontekst."

Foto: Twitter NPLD

Onno Falkena is yn Brussel en prate mei kommissaris Brok

(advertinsje)
(advertinsje)