Snitser bedriuw Douma Staal fiert 100-jierrich bestean

09 okt 2019 - 12:39

Douma Staal fiert it 100-jierrich jubileum. It Snitser bedriuw leveret stiel oan tal fan ferskate bedriuwen.

By Douma Staal leit sa'n 20.000 ton stiel yn de produksjehal fan goed 30.000 kante meter dy't fol stiet mei platen en kranen om de platen te tillen. "We leverje oan in gut ferskaat oan klanten", leit Jan de Groot, algemien direkteur, út. "Dat giet om stielbou, masinebou, mar ek skipsbou." Der wurkje 80 wurknimmers.

Direkteur Jan de Groot

It bedriuw bestiet 100 jier en hat dêrfoar opdracht jûn om in boek te skriuwen. "Sa kinne we ús ferhaal sjen litte oan minsken en klanten. Benammen de âlde swart-wyt plaatsjes binne moai om te sjen. En ik hearde dat it yn de oarloch fansels net handich wie om te sizzen dat je in stielbedriuw hienen en doe is der in klompehannel fan makke."

Takomst

It bedriuw sjocht net inkeld werom, mar ek foarút en hat lêsten ynvestearre yn in nije masine fan 2,5 miljoen euro. "De masine is besteld, en dy komt takom jier, mar hy is 45 meter lang dus we moatte der earst in nije hal foar bouwe. Klanten wolle stiel mei profilen dus dêrom ha we besluten te ynvestearjen yn de masine dy't mei lasersnijtechnyk profilen bewurkje kin."

Jentsje van der Molen en Jan de Groot

Douma hat sneon iepen hûs tusken 9.30 en 13.00 oere, Voltastrjitte 5 op yndustryterrein Houkesleat.

(advertinsje)
(advertinsje)