Plysje ûndersiket wenningsjitterij Ljouwert: "Het is een ernstige zaak"

09 okt 2019 - 12:38

De plysje docht ûndersyk nei it hûs dat yn Ljouwert besketten is. Dat wie in wenning oan de Willem Loréstrjitte en barde yn de nacht fan tiisdei op woansdei om goed twa oere. It skot gie dwers troch in rút fan in boppewenning. Hoewol't meardere minsken yn 'e hûs wienen, rekke net ien ferwûne.

De plysje nimt de saak serieus. "Er is geschoten op een woning, er zit een gat in een raam, we hebben een patroonhuls veiliggesteld", fertelt Ernest Zinsmeyer, wurdfierder fan de plysje. "Het is een ernstige zaak, zeker als er mensen in de kamer zijn, gelukkig is die persoon ongedeerd. We zetten flink in op deze zaak en zijn op zoek naar meer informatie."

"We hebben gesproken met de mensen van de betreffende woning en zijn nog op zoek naar anderen die informatie hebben. Misschien hebben ze vooraf of achteraf wat gezien of gehoord. Dus heb je iemand zien lopen of iets dergelijks, geef ons dat door." De plysje die woansdeitemoarn buertûndersyk.

Foto: CAMJO Media

Ernest Zinsmeyer fan de plysje

Foto: Kappers Media

Vuurwerk

Twa bewenners fan it hûs, Mark en Bart, ha wol wat heard, mar tochten net oan sjitterij. "Ik dacht dat het vuurwerk was en ben in bed gebleven. Later ben ik wel gaan kijken toen er politie was om te zien wat er aan de hand was." Syn hûsgenoat hearde ek wol wat. "Maar ik dacht dat het ergens anders was en ben gaan slapen."

De jonge dy't yn de besketten keamer siet, kenne se net goed. "Hij woont er nog maar een weekje en ik heb nog niet veel met hem gesproken." Der soe tiisdeitejûn in junkie yn de strjitte west ha dy't raasde en efkes letter waard it skot heard.

Oare buertbewenners ha neat heard. "Ik ben net Doornroosje, als ik mijn kussen ruik, ben ik ben weg", seit in âldere frou. Doe't de plysje oan de doar kaam foar buertûndersyk hearde se wat der bard wie.

Ek de neiste buorlju ha neat heard. "Ik bin der gewoan trochhinne slept." Neffens har is it in moai buertsje. "It is in folksbuert, mar der binne wol in soad huisjesmelkers en dêrtroch wikselje de bewenners faak."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra prate mei bewenners en buertbewenners

Trefwurden: 
plysje Ljouwert besketten
(advertinsje)
(advertinsje)