Swimfun en Mounewetter swimbaden fan it jier

Swimfun op De Jouwer hat in 'Gouden Zeepaardje' krigen foar swimbad fan it jier, yn de kategory mei de measte besikers. It giet om in priis fan de ZwembadBranche. Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum wûn de priis foar bêste bûtenswimbad.
De yngong fan Swimfun. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
De lêste twa jier hat Swimfun de kwaliteit en gastfrijheid ferbettere. Dit jier die it foar de earste kear mei de ferkiezing foar swimbad fan it jier mei. It team sjocht de priis as in beleanning en oanmoediging om sa troch te gean. Yn maaie dit jier hie it subtropysk swimparadys de tsienmiljoenste besiker.

Mounewetter

Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum krige út tsientallen dielnimmers de priis foar bêste bûtenswimbad. It bad ferwolkomme yn harren swimseizoen goed 60.000 besikers.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga