FNP wol garânsjes foar de takomst fan de Fryske Akademy

09 okt 2019 - 10:49

De steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Fokkens oer de aktuele posysje fan de Fryske Akademy. Neffens eigen sizzen hat de Koninklijke Akademie van Wetenschappen (KNAW) feitlik al ôfskied nommen fan de Akademy as ferbûn ynstitút.

Foto: Google Maps

De FNP wol garânsjes dat in nije posysje yn it wittenskipsbestel net ten koste giet fan de Fryske Akademy. De ferbining mei de KNAW wie dêr altyd hiel wichtich by.

FNP wol no witte oft de berjochten op de webside fan de KNAW klopje, dat de Fryske Akademy formeel en feitlik al net mear behannele wurdt as KNAW-ynstitút. De steatefraksje wol opheldering oft de provinsje al tastimming jûn hat foar in feroaring fan de saneamde Liearringsoerienkomst tusken KNAW en Akademy.

Yn de jierrekken 2018 fan de Fryske Akademy is al sprake fan in 'genomen besluit'. De Jong sprekt út namme fan de FNP har noed út en freget wat de konkrete gefolgen foar de Akademy binne as mei in nije tekst gjin 'rjocht' mear is op de fasiliteiten fan de KNAW, mar dat dêr in 'berop' op dien wurde kin. De partij wol dat it renommearre Mercator ûndersykssintrum foar meartaligens fierder kin ûnder de wjukken fan de Akademy.

(advertinsje)
(advertinsje)