Bysûndere tinkstien werom yn de slûs fan Eazumasyl

09 okt 2019 - 09:28

De slûs by Eazumasyl hat sûnt koart syn bysûndere tinkstien út 1671 werom. De tinkstien, ta oantinken fan de bou fan de slûs njonken de Lauwersmar, waard hast in iuw lyn fuort helle út de slûs. Mar, it Wetterskip draacht de stien woansdeitemiddei offisjeel wer oer oan de Stichting Waterschapserfgoed.

De slûs by Esumasyl. - Foto: Google Streetview

De slûs by Eazumasyl waard yn de twadde helte fan de santjinde iuw boud, mei as funksje it ôffieren fan wetter út Fryslân nei de Lauwerssee. By de bou waard yn de slûs in tinkstien ynmetsele. Dêrop stiene ek de nammen fan de minsken dy't belutsen wiene by de bou fan de slûs.

Gjin plak mear

Mar by de bou fan it gemaal Dongerdielen yn 1930 wie der gjin plak mear foar de tinkstien op de slûs. De stien ferhuze earst nei de kelder fan it nije gemaal, mar gie dêrnei oer nei it depot fan it Fries Museum. Ek in útstapke nei it Suderseemuseum makke diel út fan de reis fan de tinkstien.

Nei ferrin fan tiid kaam de stien werom nei Eazumasyl, mar dêr stie dy de ôfrûne jierren mar wat tsjin 'e muorre. Op fersyk fan de histoaryske feriening Noardeast-Fryslân waard de tinkstien restaurearre. Dat barde by in stienhouwerij yn Bûtenpost. No't de iuwenâlde stien wer opkreaze is, is er werompleatst yn it talúd fan de slûs yn Eazumasyl.

Werom yn de slûs

Woansdeitemiddei wurdt de stien offisjeel 'oerdroegen' oan de Stichting Waterschapserfgoed. Dy wol de skiednis fan it wetterbehear yn ús provinsje ek yn de takomst sichtber hâlde.

Trefwurden: 
slûs tinkstien Eazumasyl
(advertinsje)
(advertinsje)