Kollum: "Oars"

09 okt 2019 - 08:35

"It is folslein idioat dat de Fryske gemeenten juster in ledegearkomste holden yn Brussel. In Fryske Dei dêr is al folslein oerstallich, mar dat alle Fryske gemeenten in wethâlder en/of boargemaster in pear dagen nei Brussel stjoere jout wol in hiel frjemd aksint oan de ferhalen dat se allegearre miljoenen tekoart komme.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Oars ek wol wer handich. Dan kinne wy yntusken de opdracht fan Gerrit Hiemstra regelje, sûnder al dy de gearkomstetigers, dy't altyd alles noch wer mei amtners oerlizze moatte en nea ta in beslút komme.

Waarman Gerrit Hiemstra seit dat it idioate waar, wat hy sa no en dan foarseit, ûntstiet om't we it klimaat net mear yn de hân ha. Op de sosjale media fjochtet hy in echte oarloch út mei de lju dy't it finansjeel net goed útkomt dat se oars libje moatte.

Likegoed mocht Gerrit de rede fan Fryslân hâlde ferline wike. En doe sei hy dat it Woudagemaal by Lemmer in sjarmant stikje UNESCO erfgoed is, mar dat Fryslân der ferstanniger oan dwaan soe in hiel nij gemaal te bouwen. Dan tinke je: wat in dwaze opmerking. Dat Woudagemaal kin yn ien dei de hiele Snitsermar leech sûgje, der hoege we dochs gjin nijen foar.

Je kinne ek oars redenearje. As immen yn it wetterskipsgebou ropt 'sille we it gemaal oansette', dan binne de earste 25.000 euro al fuort. Mar as wy dat wól betelje wolle, en noch mear want it tekoart fan it wetterskip is heech, dan is dat dochs ús eigen saak? En soe in nij modern grut gemaal net folle mear kostje? En kin dat der wol komme, want der is in kwak stikstof nedich om dat fan de grûn te krijen.

Dat bedoelt Gerrit hielendal net. Gerrit is net ûnnoazel, hy hat krekt as ik yn Drachten op skoalle west. Gerrit bedoelde yn syn rede dat wy Friezen meastal eigenwiis sizze dat der fan alles yn de wrâld te rêden is oer klimaat en boeregedoch, mar dat wy dat meast goed oan it oplossen binne. Wy binne noch in echt griene provinsje sizze we dan. Fan dat tinken moatte we ôf. Seit Gerrit.

Der joech hy net iens safolle mear ynhâld oan. Dat kin ek net, want hy fynt dat wy persoanlik allegearre feroarje moatte. En dan net krekt as de gemeente Súdwest-Fryslân docht: ynienen oeral gemeentlike âld-papierbakken delsette. Lit de frijwilligers fan gymnastykklups en korpsen út de hannen skuorre. Lit no mear lju dat âld papier ophelje. Jou dêr subsydzje foar. Dat tinken bedoelt Gerrit.

Yn Den Haag witte se al dat it tinken oars moat, mar net hoe. Se sizze no dat de provinsjes der mar mei rêde moatte. Krekt as de jeugdsoarch bygelyks. Dy oerdracht soarge der foar dat alle gemeenten no miljoenen te koart ha. En no kin de provinsje Fryslân neffens Den Haag dus wol bliede. Mar dy sinten moatte we garje troch oars tinken. Net mear nei Brussel ta om te gearkommen.

We moatte Gerrit mar wat stypje. Oars tinke: Wetterskip Fryslân moat opheft wurde. Yn de gewoane demokrasy sit mear grien folk, dan is der wat mear lykwicht. Alle diken fan 130 nei 100. Moarn. En alle 100 diken nei 80. It is folsleine nonsens om dêr 100 te riden, der rydt allegear spul fan 80, dan kinne we dat moai allegearre dwaan. Alle motorfytsen Fryslân út en dy meie der nea wer yn. Te lûd en te folle stikstof. Fuort.

Skippen en ek boatsjes meie net hurder farre as 12 km/oere. Boaten dy't sile krije subsydzje. Der mei noch mar ien sjippesoarte yn Fryslân ferkocht en brûkt wurde, griene sjippe. 's Nachts moat it yn Fryslân folslein tsjuster wurde. Tsien oere allegearre op bêd. Fleanbasis Ljouwert wurdt moarn sletten. Watte, der meie alhiel gjin fleantugen mear boppe Fryslân fleane. Toeristen binne net mear wolkom. De helte fan de kroegen kin dan ticht. Dy fonteinen ferkeapje we oan Sina.

Yn de natuer sette we guozzen, foksen en wolven út. De frette dan wol de helte fan it boerebedriuw op. In pak molke kostet tenei 11,48. Dyksferhegingen kinne net mear, allegearre stikstof. Dus oer 200 jier ferdwynt Fryslân yn see. Dan hoecht der neat mear te feroarjen."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)