Burgum kriget mooglik transformatorstasjon fan wynmûnepark Noardsee

Burgum kin mooglik in wichtige rol spylje by it wynmûnepark hielendal yn see boppe de Waadeilannen. Der binne plannen om yn Burgum in transformatorstasjon te pleatsen. Neist Burgum binne ek Vierverlaten en de Eemshaven yn Grinslân mooglik. Wol is de ôfstân fan Burgum nei it wynmûnepark it koartst en dêrmei it goedkeapst.
In wynpark yn de Noardsee © ANP
Dochs is der wol wat nuansearring by it plan. Sa wurdt der neist ôfstân bygelyks ek sjoen nei hoefolle ynfloed in grutte kabel hat op de lokale natuer en omjouwing, en de beskikbere techniken nei de ferskate lokaasjes ta.
Der is dus noch gjin kar makke, mar de earste tekeningen fan hoe't de heechspanningskabels lizze binne al klear. Op it stuit binne der yn totaal njoggen rûten mooglik foar de kabels: trije nei elke lokaasje.

Kar yn hjerst 2020

Benammen foar grûneigeners is it nijsgjirrich wêr't de kar op falle sil. Dêrom wurde der no ferskate ynrinjûnen organisearre. De earste wie tiisdeitejûn yn Burgum. Oare lokaasjes binne ûnder oare Skiermûntseach en Dokkum. It duorret lykwols noch wol efkes foar't der mear dúdlikens is: net earder as yn de hjerst fan 2020 kiest de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat in lokaasje.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma mei Anne Melchers fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat