Fiif tips nei útstjoering Opsporing Verzocht oer oplichting fia Marktplaats

De útstjoering fan it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht tiisdeitejûn oer in 38-jierrige frou út Ljouwert dy't op 24 febrewaris oplicht is, hat fiif tips opsmiten. Neffens de plysje sitte der brûkbere tips tusken, dy't se no fierder ûndersykje sille.
Plysje logo © Omrop Fryslân
De frou waard oplicht doe't se besocht in spulkompjûter te ferkeapjen fia Marktplaats. De potinsjele keaper woe it jild foar de spulkompjûter oermeitsje mei in betelfersykapp. De frou ûntfong it jild lykwols net en doe't se letter op har rekken seach, die bliken dat se in grut bedrach kwyt wie.

Bylden fertochte

Yn Opsporing Verzocht wiene bylden te sjen fan de fertochte, dy't makke binne mei bewekkingskamera's op it stasjon yn Zwolle. De man hie it treinkaartsje kocht mei jild fan de frou.