Wenning besketten yn Ljouwert, gjin minsken ferwûne

09 okt 2019 - 06:12

In wenning oan de Willem Loréstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei besketten. Derby is net ien ferwûne rekke. De skutter skeat om twa oere hinne dwers troch in rút fan in boppewenning.

Foto: Kappers Media

Yn it rút is in gat te sjen. Wêrom't de wenning besketten is, is net bekend. De strjitte hat in skoft ticht west foar ûndersyk. De plysje hat in huls fûn en dy foar ûndersyk meinaam. De plysje is op syk nei tsjûgen. Wa't om 02:15 hinne wat sjoen of heard hat, of oare ynformaasje hat dy't fan belang wêze kin, kin kontakt opnimme mei de plysje op nûmer 0900-8844. Dat kin ek anonym fia Meld Misdaad Anoniem via 0800-7000.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert besketten
(advertinsje)
(advertinsje)