Timmermans wol gearwurkje mei 'boeren en bedriuwen' foar de Europeeske Green Deal

09 okt 2019 - 00:25

Eurokommissaris Frans Timmermans is him goed bewust dat er gearwurkje moat mei it bedriuwslibben en de boeren om fan syn Europeeske Green Deal in súkses te meitsjen. Timmermans sei tiisdei yn Brussel dat er de boeren nedich hat foar de klimaattransysje en dat er dêr ek mei yn petear wol. Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) wie wiis mei dy teksten. "As er him sa opstelt kin it in goeie Eurokommissaris Green Deal wurde."

Eurokommissaris Frans Timmermans nei ôfrin fan de harksit - Foto: Omrop Fryslân

Yn it Europeesk parlemint waard Timmermans tiisdeitejûn trije oeren lang trochseage oer syn klimaatplannen troch 18 krityske Europarlemintariërs. As vice-presidint fan de nije Europeeske kommisje mei de Green Deal yn syn portefúlje krijt Timmermans in soad macht en ynfloed, want hy praat en beslút ek mei oer miljeubelied, lânbou en transport. Timmermans wol syn Green Deal binnen 100 dagen presintearje en kundige fierder ek in Europeeske klimaatwet en in strategy biodiversiteit oan.

"Wy moatte ús boargers sjen litte wêr't Europa foar stiet en ús takomst wer yn eigen hân nimme", spruts de Limburchske politikus. Hy utere him op de harksit flot yn it Frânsk, Ingelsk, Dútsk, Nederlânsk en Italiaansk. It doel fan de Green Deal is it heljen fan it klimaatakkoart fan Parys en it tawurkjen nei in 0-emissy fan fossile brânstoffen. Timmermans makke hjirby yndruk troch trije oere lang út syn holle antwurd te jaan op alle fragen; in oanwizing dat er him al bot ferdjippe hat yn de Green Deal.

"Bringe we ús yndustry sa net yn grutte problemen", frege de Dútse politika Angelika Niebler. "Wy meitsje ús bedriuwen krekt sterker as we dit mei harren dogge, want dan binne se klear foar de takomst", wie it antwurd fan Timmermans. "As je it goed dogge kin de enerzjytransysje banen opsmite." Foar de kosten dan de transysje komt der in Just Transition Fund. Oft dat grut genôch is om ek lannen as Poalen klimaatneutraal te meitsjen waard net dúdlik en de krekte maatregelen binne ek noch net bekend, mar de eurokommissaris fersekere dat de Green Deal 'elts Europeesk hûs' berikke sil.

Hy liet trochskimerje dat der ek regels komme foar de skipfeart en de loftfeart. "Wol belesting betelje foar benzine, mar net foar kerosine is sa ûnlogysk as mar kin. It giet my dêrby net om de belesting, mar it tawurkjen nei emissyfrij ferfier." Ek pleite Timmermans foar 'griene havens' mei skjinne elektrisiteit, dêr't skippen dy't oanlizze ferplicht gebrûk fan meitsje moatte. "As grutte ekonomy kin Europa de regels bepale en ynfloed útoefenje. Produkten dy't wy ymportearje lizze we deselde regels op."

Timmermans seach net folle heil yn it pleit fan Anja Hazekamp (Partij voor de Dieren) om it Europeeske feebestân mei 70% te redusearjen en alle lânbousybsydzjes ôf te skaffen. "Hawwe jo wol yn de gaten watfoar sosjale ramp dat betsjutte soe yn in soad Europeeske lannen. Ik sjoch de boeren net as probleem, mar as diel fan de oplossing."

Jan Huitema oer it optreden fan Timmermans

(advertinsje)
(advertinsje)