Nederlân wint mei 2-0 fan sterke tsjinstanner Ruslân

It is de Nederlânske fuotbalfrjoulju tiisdei slagge om mei 2-0 fan Ruslân te winnen yn de fjirde EK-kwalifikaasjewedstriid. Al foar it skoft kamen de Oranjeliuwinnen op foarsprong, en nei de rêst kaam dêr nochris in doelpunt by. It wie foar Daniëlle van de Donk de hûndertste ynterlân, yn de jublieumwedstriid makke sy ek nochris in doelpunt.
Sherida Spitse © Orange Pictures
Der sitte yn totaal trije Fryske froulju by de seleksje: (reserve-)keeper Loes Geurts fan Hichtum, Sherida Spitse fan Snits en Fenna Kalma fan Haskerhoarne. Kalma siet foar it earst by de seleksje en koe dus debutearje, mar sy is tiisdei net op it fjild helle.

Jubileumdoelpunt

It duorre net lang foar de Nederlânske froulju de earste goal meitsje koene yn it Philips Stadion. Yn de tolfde minút slagge Daniëlle van de Donk deryn om de 1-0 te meitsjen. Bysûnder foar Van de Donk is dat it har 100ste ynterlân wie.
Nei in goed heal oere waard Desiree van Lunteren út it fjild helle en kaam Liza van der Morst foar har werom. It slagge de froulju om de stân lyk te hâlden oant it skoft.

Miedema kopt de 2-0 yn

Goed tsien minuten nei de rêst besocht Sherida Spitse fan ôfstân om de goal fan de Russen te berikken, mar de bal waaide rom neist it doel. Krekt wat letter slagge it Vivianne Miedema wol: sy makke de 2-0 foar Nederlân. Sy koe de bal binnenkoppe nei in foarset fan Liza van der Most.
Anouk Dekker krige in giele kaart foar in oertrêding op Korovkina fan Ruslân. Efkes letter wurden Lineth Beerensteyn en Vivianne Miedema út it fjild helle en kamen Victoria Pelova en Ashleigh Weerden deryn. Krekt foar de ein wie der noch in kâns foar Daniëlle van de Donk, mar sy kopte de bal krekt boppe it doel.
Opstelling Nederlân: 1. Van Veenendaal, 20. Bloodworth, 6. Dekker, 4. Van Dongen, 2. Van Lunteren, 10. Van de Donk, 8. Spitse, 19. Roord, 13. R. Jansen, 9. Miedema, 21. Beerensteyn