Lilke boeren wolle RIVM en Binnenhof blokkearje

08 okt 2019 - 20:48

Boeren wolle nije wike mei de trekker nei it Binnenhof en it RIVM, om te demonstrearjen tsjin regeldruk en de ynkrimping fan de sektor. It is it twadde boereprotest yn koarte tiid. Der kin op 'e nij in ferkearsgaos ûntstean.

Foto: ANP

De demonstranten soene op 16 oktober fia it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) yn Bilthoven nei it Binnenhof ta gean. Se wolle bliuwe oant de regearing belies jout. Dat soe betsjutte dat se kampearje moatte yn Den Haag.

Gaos

De kâns is grut dat de aksjes opnij soargje foar in gaos op de dyk. Foarige wike gongen tûzenen boeren mei de trekker nei it Malieveld. Se binne it der net mei iens dat de sektor ynrkimpe moat, om de útstjit fan stikstof te beheinen.

De aksjefierders sizze dat de kommende aksje grutter wurde sil as de foarige. Neist boeren soene fiskers, boufakkers en boargers ek meidwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)