Stikstofkrisis: Fryslân kin wer fergunningen ôfjaan, wol strange betingsten

Fan freed ôf is it wer mooglik om fergunningen oan te freegjen foar projekten yn de buert fan beskerme natuergebieten. Dat meldt de provinsje. It jildt allinne foar projekten dêr't by oantoand wurde kin dat de stikstofútstjit net tanimme sil.
© ANP
Sûnt in útspraak fan de Ried fan Steat wie it in hast healjier lang net mooglik om boufergunningen te krijen yn de buert fan Natura 2000-gebieten. Provinsjes doarden dat net oan, omdat it juridysk net dúdlik wie wat wol of net tastien wie.
Deputearre Johannes Kramer
"Wy wolle wer fierder kinne mei Fryslân", seit deputearre Johannes Kramer. It beslút betsjut net dat der op grutte skaal fergunningen ferliend wurde sille.

Ferskate wizen

Der binne meardere manieren wêrop't fergunningen ôfjûn wurde kinne. Besteande projekten kinne ferduorsumje, sadat der romte ûntstiet om út te wreidzjen. Der kin ek 'stikstofromte' kocht wurde by oare bedriuwen, as dy bygelyks ophâlde wolle.

Opkeapje kin noch net

Feehâlderijen kinne no noch net opkocht wurde. Dêr is earst in needwet fan it kabinet foar nedich. Dy is al oankundige. "It is saak dat hjir sa gau as mooglik dúdlikheid oer komt", seit Kramer. "Dit is in earste stap."
Projekten mei in 'grut maatskiplik belang' meie de útstjit fan stikstof kompinsearje. En wa't oantoane kin dat de útstjit gjin effekt hat op in natuergebiet, kin ek in fergunning krije.

Advizen oernaam

It kabinet hat sein dat der maatregelen naam wurde moatte op de plakken dêr't de efffekten it grutst binne. Advizen om yn bepaalde gebieten boeren út te keapjen, en de maksimumsnelheid omleech te bringen, wurde foar in grut part oernaam.