Turnsters mei sussen Wever einigje as lêste yn WK-finale

08 okt 2019 - 19:57

Op it WK turnjen yn Stuttgart binne de froulju út Nederlân as achtste en as lêste einige yn de teamfinale. It wie de fiif turnsters sneon slagge om harren as sechde te pleatsen foar de finale, mar tiisdei gie it folle minder goed. De froulju, mei de sussen Sanne en Lieke Wevers, diene it sels minder as by harren kwalifikaasje.

Sanne Wevers nei it WK - Foto: ANP

Sanne Wevers liet nei de finale witte in dûbeld gefoel te hawwen: bliid om yn de finale te stean mar ek ûntefreden oer de flaters. It slagge har net it goede ritme te finen en troch har wankeljen bleau sy ûnder har kwalifikaasjeskoare. Sy wol har no rjochtsje op de Olympyske Spelen.

De Feriene Steaten pakten foar de fiifde kear goud, mei 172,330 punten. De sussen Wevers krigen tegearre mei Eythora Thorsdottir, Naomi Visser, Tisha Volleman yn totaal 159,427 punten. By de kwalifikaasje hie it Nederlânske team noch 162,633 punten.

(advertinsje)
(advertinsje)