Vermilion wol oant 2040 gas winne út fjilden tusken Garyp-De Pein-Grou

Gasprodusint Vermilion wol oant 2040 noch flink wat gas boarje út fjouwer gasfjilden yn in grut gebiet, rûchwei tusken in Garyp, De Pein en Grou. Vermilion hat trije oanfragen foar gaswinning dien by by it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. It giet yn totaal om goed 1,3 miljard Nm3 gas.
De gasfjilden Leeuwarden, Eernewoude, Leeuwarden-101 en Nijega yn de midden © TNO
Om't de fjouwer gasfjilden inoar oerlaapje en der ek nochris in tal oare, lege gasfjilden yn de omjouwing lizze, wol minister Eric Wiebes yn kaart bringe wat de optelde delgong fan de boaiem is.
It gasbedriuw ferwachtet lykwols dat der net in soad delgong fan de boaiem ûntstean sil en dat it risiko op ierdbevingen en skea lyts is.
Op presys te wêzen tinkt Vermilion dat de delgong fan de boaiem minder as 1 sintimeter wêze sil, by alle fjouwer fjilden. It risiko op ierdbevingen soe 'verwaarloosbaar' wêze. As der al skea ûntstean soe, soe it foar it grutste part 'cosmetisch van aard' wêze mei in 'kleine kans op lichte constructieve schade.' De berekkeningen soene goedkard wêze troch it Staatstoezicht op de Mijnen en TNO (Nederlandse Organisatie voor toegepast-natuurwetenschappelijk onderzoek).
Op 30 oktober is der in ynformaasjegearkomste, organisearre troch it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Op de gearkomste sil útlein wurde wêrom der nei lytsere gasfjilden sjoen wurdt, hoe't it proses mei de fergunningen ferrint en wat mooglike risiko's, skea en skea-ôfhannelingen wêze kinne. Foar it fjild Leeuwarden-101 jildt dat minsken sjenswizen yntsjinje kinne en foar de oare fjilden kinne belanghawwers beswier yntsjinje.

Fjild 1: 'Leeuwarden-101'

It earste is fjild 'Leeuwarden-101', dat rûchwei tusken Sigerswâld, Sumarreheide en De Tike leit. It gasfjild leit op sa'n 2.400 meter djipte en falt ûnder Tytsjerksteradiel en Smellingerlân. It fjild wurdt oanboarre út mynboulokaasjes yn Garyp en De Tike wei. Tusken 1978 en 1991 is der al gas wûn út dit fjild, mar dêrnei kaam de produksje stil te lizzen.
Vermilion wol op 'e nij úteinsette mei gaswinning yn it gebiet om't 'een aangescherpte analyse aantoont dat er toch gas aanwezig is dat gewonnen kan worden,' sa skriuwt it ministearje. Earder soe bliken dien hawwe dat it net mooglik wie.
Vermilion wol dêr oant 2031 maksimaal 472 miljoen Nm3 ('normaal kubike meter') winne. In 'normaal kubike meter' is it gas dat by in normaaltemperatuer en in normaaldruk in folume hat fan 1 kubike meter.

Fjild 2: 'Eernewoude'

It twadde fjild is 'Eernewoude' en leit rûchwei rjochts fan Earnewâld op 2.400 meter djipte, yn de gemeenten Tytsjerksteradiel en Ljouwert. It moat oanboarre wurde yn Earnewâld. Sûnt 2012 wurdt der al gas wûn fan dit fjild, mar Vermilion tinkt troch it meitsjen fan in fertakking fan in besteande put noch mear gas winne te kinnen: sa'n 352 miljoen Nm3.
Dizze winning soe einigje moatte yn 2032. Ek foar dit fjild soe de mooglike delgong fan de boaiem, it risiko op ierdbevingen en de kâns op skea even grut wêze as by Leeuwarden-101.

Fjild 3 en 4: 'Leeuwarden en Nijega'

It tredde en fjirde fjild binne 'Leeuwarden' en 'Nijega' en dy lizze foar in grut part ûnder nasjonaal park De Alde Feanen en tusken de doarpen De Pein, Sumar en Sigerswâld. Dit fjild leit minder djip as de oaren: op sa'n 1.900 meter djipte. Der is al sûnt 1971 gas helle út dizze fjilden, mar Vermilion wol noch 539 miljoen Nm3 gas winne oant 2040.
Om't der al in skoft gas wûn is, is de druk leger en streamt it gas langsumer nei de put. Dêrom wol it gasbedriuw hjir de termyn ferlingje foar it winnen fan it gas. De produksje wurdt dus net ferhege en bliuwt binnen de fergunning.
© Omrop Fryslân