Huitema: "Timmermans moat goed om it draachflak tinke"

08 okt 2019 - 18:07

Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) út Makkingea fynt dat Frans Timmermans him as Eurokommissaris fan miljeu foaral net 'te dogmatysk' opstelle moat. Huitema: "Ik bin ek foar in ambisjeus miljeubelied, mar om dêr in sukses fan te meitsjen moatte je ek it bedriuwslibben en de boeren meinimme. Ik sil Timmermans dêrom freegje hoe't er dat dwaan wol."

Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Timmermans is tiisdeitejûn de lêste kandidaat-kommissaris dy't kritysk oerheard wurdt troch it Europeesk Parlemint. Njonken Jan Huitema fynt ek Esther de Lange (CDA) dat Timmermans goed om it draachflak yn hiel Europa tinke moat.

Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea

Timmermans wurdt yn de nije Europeeske kommisje ferantwurdlik foar de European Green Deal. Ambisjeuze klimaatdoelstellingen moatte derfoar soargje dat de klimaatdoelstellingen fan Parys helle wurde en dat Europa klimaatneutraal wurdt. Alle sektoaren - yndustry, lânbou, ferkear - krije dêrmei te meitsjen en krekt dêrom is it tige wichtich dat Timmermans hurd wurket oan in breed draachflak. Esther de Lange sil dêr Timmermans kritysk op befreegje.

Europarlemintariër Esther de Lange (CDA)

Timmermans sil it net alle Europarlemintariërs nei de sin meitsje kinne. Europarlemintariër Anja Hazekamp fan de Partij voor de Dieren wol de Europeeske feesteapel mei 70 persint ynkrimpe en alle lânbousubsydzjes ôfskaffe.

As Timmermans de feehâlderij net hurd genôch oanpakt, sil de politika út Grins nei alle gedachten tsjin de beneaming fan de PvdA-politikus stimme. Hazekamp fynt boppedat dat Timnermans yn de ôfrûne perioade as vice-foarsitter fan de kommisje te min foar it miljeu dien hat.

Ferslachjouwer Onno Falkena is tiisdei yn Brussel en folget de 'hearing' yn it Europeesk Parlemint. Fia syn Twitter-account binne de ûntwikkelingen te folgjen:

(advertinsje)
(advertinsje)