FIDEO: Wurkkampen by De Fochtel wer tagonklik, ek foar minsken yn rolstoel

08 okt 2019 - 16:50

Op in soad plakken kinne minsken yn in rolstoel net maklik komme. Om dêr omtinken foar te freegjen is dizze wike 'De Week van de Toegankelijkheid.' Yn De Fochtel binne sûnt dit jier twa âlde wurkkampen út de Twadde Wrâldoarloch tagonklik makke foar eltsenien. Ek foar minsken yn in rolstoel, want dêr binne spesjaal paden foar oanlein.

Dêrnjonken steane der ynformaasjebuorden om de skiednis te fertellen. It binne de earste fan de 5 Fryske wurkkampen dêr't ynformaasje komt oer wat der yn en nei de oarloch bard is.

Natuurmonumenten, doarpsbelang De Fochtel en soarchbuorkerij De Geitenmeijerij binne wiis mei it resultaat.

Trefwurden: 
Oranje De Fochtel Ybenheer
(advertinsje)
(advertinsje)