MCL hie yn 2018 al maatregels naam om finansjele situaasje te ferbetterjen

"Zoiets is nooit leuk om te lezen, maar het komt niet onverwacht", seit Patrick Vink fan de ried fan bestjoer fan sikehûs MCL yn Ljouwer oer it nijs dat it sikehûs der finansjeel net goed foar stie yn 2018. It ûndersyk fan BDO Accountants waard tiisdei bekend. It sikehûs wist wol dat it min gie en hat ferline jier ek al maatregels naam.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn it ûndersyk stiet dat it MCL ien fan de alve sikehûzen yn Nederlân is dêr't it finansjeel net goed mei giet. De rendeminten stean ûnder druk, de kosten fan hûsfesting rinne op en de wachtlisten wurde langer. Mids 2018 konstatearre it sikehûs sels ek al dat it finansjeel net goed die. Op grûn dêrfan is der in plan makke om de situaasje te ferbetterjen.

Wachtlisten fuortwurkje yn 2019

Is it skealik foar it sikehûs dat it no sa negatyf yn it nijs komt? Nee, seit Vink. Hy is krekt bliid mei de foarútgong dy't se no meitsje. Se wolle it jier 2019 brûke om de wachtlisten fuort te wurkjen en om effisjinter en doelmjittiger te wurkjen. Doel is mei deselde middels en minsken de wachtlisten fuort te wurkjen, dus mear pasjinten rapper te helpen as se yn it ferline diene.
Miskien pakt it minne nijs úteinlik ek wol goed út, seit Vink. "We hebben het in 2018 gewoon niet goed gedaan. Eigenlijk is het voor onze patiënten en onze regio misschien wel goed geweest omdat we een goed herstelplan hebben gemaakt. "
Patrick Vink fan de ried fan bestjoer fan sikehûs MCL