Auto's kinne it lêste part fan 2019 net troch Terherne: lange omliedingen

Yn it lêste part fan 2019 kinne auto's in skoft net troch Terherne hinne ride. It sintrum fan it nauwe doarpke wurdt op 'e nij ynrjochte troch gemeente De Fryske Marren. De bysûndere lizzing fan it doarp tusken de Snitser Mar en ferskate puollen, makket dat der in lange omlieding komt oer de A7 en de A32.
© Omrop Fryslân, René Koster
Wannear't de wurksumheden úteinsette, is noch net bekend. Wol jout de gemeente oan dat der yn fazen wurke wurdt, sa't bewenners óf út it noarden óf út it suden noch by harren huzen komme kinne.
Der komme ûnder oare saneamde 'siteilannen,' in soarte bankjes. Trochgeand ferkear sil dêrom in skoft net troch it sintrum ride kinne.
De Fryske Marren hat mei opset foar de perioade nei de simmer keazen, sa't it doarp en de toeristyske bedriuwen yn Terherne de minste lêst hawwe sil fan it wurk. Mear ynformaasje oer de planning komt op de webside fan de gemeente.