Fred Veenstra: "Fryske gemeenten moatte mear lobbye yn Europa"

Fryske gemeenten moatte mear mei Europa dwaan, dat fynt foarsitter Fred Veenstra fan de Feriening fan Fryske Gemeenten. Dizze klup hie tiisdei foar it earst in gearkomste yn Brussel en dêr wiene goed 40 Fryske wethâlders, boargemasters en deputearren by.
Fred Veenstra yn Brussel as foarsitter fan de Feriening fan Fryske Gemeenten © Omrop Fryslân, Onno Falkena
In aparte Europa-kommisje sjocht alle moannen nei de gefolgen fan Europeesk belied foar Fryslân, mar ek nei mooglikheden om mear jild út Europeeske fûnsen te heljen. It docht bliken dat stêden better konkurrearje en dat it plattelân efterbliuwt. Veenstra: "Dan leit der hieltyd mear in opjefte foar it Fryske plattelân om de hannen ynien te slaan en de lobby op te pakken."
"Wy hawwe ús bêst dien om safolle mooglik Fryske bestjoerders mei te nimmen nei Brussel. It folsleine kolleezje fan Deputearre Steaten en hast alle Fryske gemeentebestjoeren binne fertsjintwurdige," seit Veenstra grutsk.
Neffens him is de gearkomste nedich. Veenstra: "Ik tink dat it goed is dat wy it faak hawwe oer de relaasje tusken Fryske gemeenten en Brussel. Der bart hieltyd mear yn Brussel en dêr hawwe wy mei te krijen. Sûnt dizze perioade is der fan eltse gemeente in wethâlder-bestjoerder mei Europa yn de portefúlje. Dy komme geregeld byinoar en der is in groep amtners dy't harren stypje."

Fûnsen

Der falt mear jild út Europa te heljen, jout Veenstra oan. "Der binne in soad fûnsen op it mêd fan ekonomyske ûntwikkeling en lânboubelied dêr't wy ús part fan krije wolle. Dat slagget gemeente De Fryske Marren noch te min. Mar dêrom binne wy hjir ek mei in hiele delegaasje om te sjen wat der foar ús te dwaan is en wat de mooglikheden binne."

Boeren kinne EU-stipe brûke

Veenstra: "Wy hawwe heard fan de Nederlânske permaninte fertsjintwurdiging dat der hiel wat oankomt. Fan it Europeesk Parlemint witte wy dat der op it mêd fan lânbou de kommende moannen ek in soad te barren stiet en dat it goed is dat Fryslân mei-inoar, en miskien wol ûnder lieding fan de provinsje, oplûkt nei Brussel om te sjen wat der foar de lânbou út Europa wei te heljen is."
Boeren kinne neffens Veenstra wol wat stipe brûke, bygelyks mei it duorsum meitsjen fan de bedriuwen. "Klimaat, enerzjytransysje, lânbou. Der binne in soad ûnderwerpen dêr't wy wat mei dwaan kinne."

Lobbyklup

Fred Veenstra neist foarsitter fan de Feriening fan Fryske Gemeenten ek boargemaster fan De Fryske Marren en bestjoerslid fan de saneamde P10, in lobbyklup foar Nederlânske plattelânsgemeenten dêr't trije Fryske gemeenten oan meidogge. Veenstra sit dêr yn foar gemeente De Fryske Marren. "Ek mei dy klup wolle wy de belangen fan it plattelân te behertigje yn Brussel."
Foarsitter fan de Feriening fan Fryske Gemeenten, Fred Veenstra