Akademy makket tsjerklike gegevens fan eartiids beskikber foar no

08 okt 2019 - 15:22

Ynteressearren kinne meikoarten op ynternet histoaryske gegevens fan patroanhilligen en geastliken yn Fryslân besjen. De Fryske Akademy en de Stichting Oude Groninger Kerken presintearje takom wike sneon de webside 'Corpus Roemeling', neamd nei de twa jier lyn ferstoarne Fryske histoarikus Otto Roemeling.

It âlde tsjerkje fan Jannum - Foto: historischekerken.nl

Roemeling wie nijsgjirrich nei de geastlike skiednis yn ús provinsje en sammele in hiel soad gegevens dêroer. Fan nije wike ôf kin elkenien online data opsykje oer patroanhilligen en geastliken fan foar it jier 1600.

Skiednis

Foar elts doarp of stêd kinne minsken de hilligen ôflêze, folge troch bysûnderheden oer de stichtings- en bouskiednis fan de tsjerke. Ek oare ynformaasje oer de pastoars en oare saken dy't by it tsjerklike libben fan eartiids hearden, kinne allegearre online weromfûn wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)