Minister Dekker wol opheldering oer ynsidinten Boschoord

08 okt 2019 - 14:32

Minister Sander Dekker wol opheldering fan tbs-klinyk Hoeve Boschoord by Boyl oer mooglik griemerij mei de registraasje fan ynterne ynsidinten.

Hoeve Boschoord by Boyl - Foto: Google Street View

De Telegraaf skreau moandei dat ynsidinten lykas agresje, bedrigings en smokkel bewust lyts hâlden wurde. Soksoarte saken soene tsientallen kearen yn it jier yn in legere kategory pleatst wurde, om sanksjes foar te kommen. De Telegraaf berjochte dêroer op basis fan petearen mei fjouwer meiwurkers en in âld-liedingjaande.

Yn Boschoord wurde minsken mei in ferstanlike beheining opfongen en ekminsken dy't tbs krigen hawwe. As der ynsidinten binne, moat dat trochjûn wurde oan it ministearje. En dat bart neffens meiwurkers net altyd, seit de Telegraaf. De Ried fan Bestjoer bestriidt dat.

In pear wiken lyn luts it personiel fan Boschoord oan de belle, omdat de wurkdruk hiel heech is en omdat se har net feilich fiele.

'Regels wurde folge'

De Ried van Bestjoer fan soarchorganisaasje Trajectum is ûntsteld oer it byld dat sketst wurdt oer de lokaasje Boschoord by Boyl. Dy seit dat de regels oer it melden fan ynsidinten gewoan folge wurde. De Ried fan Bestjoer wol sa gau as mooglik ûndersyk dwaan litte nei de ynsidinten dêr't de Telegraaf oer skriuwt. De Ried fan Bestjoer seit dat Trajectum de lanlike rjochtlinen folget oer it melden fan ynsidinten.

De Ynspeksje Justysje en Feiligens sjocht nei de gong fan saken by Hoeve Boschoord, dat hat minister Dekker sein yn de Twadde Keamer. It melden fan ynsidinten moat neffens de regels wol barre.

Trefwurden: 
Boyl Boschoord tbs-klinyk
(advertinsje)
(advertinsje)